Feroardieling foar ynbraak Ljouwerter bisteklinyk

27 sep 2018 - 15:08

In man fan 22 jier út Rotterdam is feroardiele omdat er ynbrutsen hat by in klinyk fan bistedokters yn Ljouwert. De rjochter lei him 80 oeren wurkstraf op en, op advys fan de reklassearring, fjirtjin dagen jeugddetinsje ûnder betingst.

De man en syn maat hiene yn maaie fan dit jier in kompjûter stellen út de bisteklinyk yn de Jelsumerstrjitte. De eigener fan de klinyk fûn de kompjûter yn in tas werom, mei in bivakmûtse en moffen. Yn in kontener siet oar guod dat by de ynbraak brûkt wie.

Troch dna fan de manlju op it guod is de iene man no feroardiele.

De saak fan de twadde fertochte, in man fan 26 ek út Rotterdam, koe noch net behannele wurde troch de rjochtbank omdat dy man noch yn de finzenis sit.

(advertinsje)