Hake twivelet oer wizigingen yn opstelling Cambuur

It is noch net dúdlik mei hokker alve spilers SC Cambuur freed spylje sil tsjin Roda JC. Trainer René Hake wit it noch net, om't hy noch net ynskatte kin hoe fit guon spilers binne.
Hake twivelet oer wizigingen yn opstelling Cambuur
"Ik denk wel na over wijzigingen. We hebben rustig aan gedaan, maar spelers kunnen twee tot drie dagen na een wedstrijd nog klachten hebben." Tiisdei spilen de Ljouwerters yn de beker noch 120 minuten tsjin Scheveningen. Hake docht ekstra foarsichtich mei spilers dy't dit seizoen al blessearre west ha, sa as Karim Rossi, Nigel Robertha en Justin Mathieu.
Het ligt dicht bij elkaar.
René Hake
Roda JC is de nûmer njoggen fan de Keuken Kampioen Divisie. Dy ploech hat fjouwer punten minder as Cambuur, mar neffens Hake sit der benammen yn de oanfal in soad kwaliteit. "Roda heeft een behoorlijke ploeg. Voorin zijn ze sterk en ze kunnen daarin veel variatie aanbrengen. Het wordt een van de moeilijkste wedstrijden tot nu toe. Het ligt dicht bij elkaar."
Oanfierder Robbert Schilder
Matthew Steenvoorden is noch net fit nei syn blessuere oan de skonk. Jordy van Deelen is wol wer ynsetber. Hy foel tsjin Scheveningen út mei in blessuere oan de holle. Der sit noch wol in blauwe bult ûnder it each fan de rjochterferdigener, mar hy ferwachtet tsjin de ploech út Kerkrade wol gewoan wer spylje te kinnen.