De Iselmar is folle sâlter wurden en in oplossing is noch net yn byld

27 sep 2018 - 13:12

It sâlten wurden fan de Iselmar is noch altiten in probleem. Nei de drûge simmer dy't achter ús leit, is dúdlik wurden dat it wetter op guon plakken folle sâlter wurden is. De Iselmar stie tongersdei sintraal op de Iselmartop yn Ljouwert.

Iselmar - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

In oplossing foar it probleem is noch net yn byld, seit dykgraaf Paul van Erkelens fan Wetterskip Fryslân. "Zeker niet. Het is een studieobject voor de komende maanden om te kijken waarom deze verrassing kwam."

"Wij gebruiken het zoete IJsselmeerwater juist om verzilting in ons gebied terug te dringen. Als het IJsselmeerwater zelf al zouter wordt, dan hebben we er niks meer aan. Dus we moeten goed nadenken over het ontstaan van het probleem en de oplossingen." Neffens Van Erkelens sil it faker gebeure dat der perioades fan drûchte binne en dat der dan minder wetter yn de Iselmar is.

Paul van Erkelens oer de fersilting

Van Erkelens hie wol witten wollen wat der bard wie as it noch langer drûch west hie yn de simmer. "Natuurlijk zit niet iedereen op dit soort ingewikkelde situaties te wachten, maar je vraagt je wel af: als dat IJsselmeer echt onder de kritische grens zou zijn gezakt, hoe zouden we dan met de verdeling van het water zijn omgegaan?"

Van Erkelens seit it belangryk te finen dat de Iselmartop der is, ek foar gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren. "Er zijn twee gemeenten zeer geïnteresseerd in wat we ermee gaan doen, niet alleen qua water, maar ook qua ruimtelijke ontwikkeling en economische perspectieven."

(advertinsje)