Op njoggen busstasjons komme skermen mei aktuele reisynformaasje

Njoggen busstasjons yn Fryslân krije skermen mei aktuele reisynformaasje. It systeem moat it reizgjen makliker en komfortabeler meitsje. De skermen wurde de kommende twa jier pleatst.
It busstasjon by De Lemmer © Google Street View
Op de skermen stiet in oersjoch fan de ritten dy't binnen in oere ôfsette, fan hokker halte ôf se fuortgean en as der fertragings binne. Benammen oer dat lêste wolle reizgers ynformearre wurde, sa komt nei foaren út de lanlike OV-Klantenbarometer.
It giet om de busstasjons fan It Hearrenfean, it Van Knobelsdorffplein Drachten, Transferium Drachten Oost, Snits, Boalsert, Dokkum, De Lemmer, Easterwâlde en it transferium Feanwâlden, dat op it stuit noch yn oanbou is. Yn dizze plakken stappe de measte minsken yn en út, sa docht bliken út OV-chipkaart-gegevens.
Op de gruttere busstasjons komme ek by de haltes sels displays te stean. Foar minsken dy't net goed sjen kinne, komme der audio-pylders.