Kaartferkeap Lûd fan de Middelsee rint noch gjin stoarm

27 sep 2018 - 12:27

It rint noch net stoarm foar de kaarten fan it muzykevenemint 'Lûd fan de Middelsee' fan Kulturele Haadstêd. Neffens Annewiep Bloem fan de Samenwerkende Muziekverenigingen Leeuwarden komt dat troch it waar. "Minsken wachtsje it waar ôf en beslute dan wat se dogge."

Johanna Brinkman - Foto: Omrop Fryslân

De tariedings foar it muzykspektakel binne woansdei úteinset. De foarstelling wurdt no snein ien kear opfierd. Yn 'Lûd fan de Middelsee' spylje santjin muzykferieningen op ferskate lokaasjes tusken Hijum en Ljouwert mei-inoar yn ien foarstelling. It publyk kin hjir op de fyts bydel.

Oan de ein fan de rûte, op it Aldehoustertsjerkhôf, sil it slotstik plakfine. Einregisseur Tamara Schoppert hat goeie hoop dat de kaartferkeap noch tanimt. Benammen om't de muzikanten no minsken útnûgje sille, om't se sûnt koart goed ûnderfûn hawwe wat it komplete stik ynhâldt.

(advertinsje)