Frysk filmkollektyf siket akteartalint

27 sep 2018 - 12:03

Filmkollektyf Natte Haring is foar in nije film op syk nei akteartalint fan tolve oant 22 jier út de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte.

Foto: ANP

It giet om in spylfilm fan 90 minuten dy't takom jier yn de bioskoop ferskine sil. Yn de film binne lytsere filmkes ferwurke, oer it libben fan jonge minsken. Jongeren dy't meidwaan wolle, hoege gjin ûnderfining te hawwen mei aktearjen. De seleksjedagen binne yn de hjerstfakânsje.

De opnamen begjinne yn de krystfakânsje. Jongeren dy't meidwaan wolle, moatte in koart filmke fan harsels ynstjoere. Op de webside kinne se har ynskriuwe.

(advertinsje)