Deltakommissaris Wim Kuijken krijt earepinning fan Wetterskip Fryslân

27 sep 2018 - 11:43

Deltakommissaris Wim Kuijken hat de earepinning fan Wetterskip Fryslân krigen. Dat hat it deistich bestjoer fan it wetterskip bekendmakke.

Wetterskip Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It is foar it earst dat ien bûten Fryslân dy earepinning kriget. Kuijken kriget de pinning foar syn útsûnderlike fertsjinsten foar it wetterbehear yn Nederlân en dêrmei it wetterbehear yn Fryslân.

Dykgraaf Paul van Erkelens hat de pinning tongersdeitemoarn útrikt op de IJsselmeertop yn Ljouwert. Wim Kuijken wie dêr ien fan de sprekkers.

(advertinsje)