Waddenpartij mei meidwaan oan gemeenteriedsferkiezings Noardeast Fryslân
De Waddenpartij mei op 21 novimber meidwaan oan de gemeenteriedsferkiezingen yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Dat hat de Raad van State tongersdeitemoarn sein. It fersyk fan de Wad'n Partij Harlingen om de partij fan de kieslist te heljen, is ôfwiisd.
Neffens Wim Wildeboer fan de Wad'n Partij soe der ûnder de kiezers betizing ûntstean kinne, omdat de Waddenpartij bekend is yn hiel Fryslân. Dêr is de Raad van State is net mei iens. Dy wiist derop dat beide partijen lokaal binne en dat se allinnich yn harren eigen gemeenten meidogge oan de ferkiezingen. Boppedat hat de Wad'n Partij ek noch 'Harlingen' yn de namme stean. Dat is genôch ûnderskiedend, fynt de Raad van State.