Staking yn metaalsektor: "De wurkjouwers wolle allinnich mar nimme"

As wy FNV Metaal leauwe meie, leit de hiele metaalsektor rûnom yn Fryslân tongersdei, freed en moandei plat. Der wurdt bot staakt foar in bettere cao en bettere beleanning foar it wurk fan de metaalwurkers.
Staking metaal
Der wie tongersdeitemoarn in grutte gearkomste by it Abe Lenstra-stadion op It Hearrenfean. Sa'n 300 minsken wiene der by yn Feanplaza. Aksjefierder Cor Elsinga, dy't by Accell wurket, seit dat de aksjes nedich binne.
Piet Fortuin fan CNV. © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Ferslachjouwer Hayo Bootsma by Feanplaza
"De wurkjouwers wolle allinnich mar 'nimme, nimme' en neat jaan." Op de wurkflier fernimme se neat fan rekôrwinsten fan de bedriuwen. "Sy witte it moai te ferblomjen mei harren 'bla bla'. It wurdt tiid dat der wat bart. Yn 2015 moasten wy ek aksje fiere foar in bettere cao. Wy binne no oan bar."
Elsinga wol mear lean, mar ek oare dingen. "Dat is belangryk, want alles wurdt djoerder yn de wrâld. Mar je moatte ek langer trochwurkje en dat falt net ta yn de swiere beroppen, lykas metaal. As je fier oer de 60 binne en altyd op de fuotten stien ha, dan wurdt it hurd minder."
Mei de aksje hopet Elsinga dat der beweging komt yn de cao. Freed soe hiel Fryslân plat lizze wat de metaalsektor oanbelanget. "It wurdt tiid dat sy dit sinjaal serieus nimme." De aksjes wurde no hurder, hat it fakbûn sein. Freed is der noch in gearkomste yn Ljouwert en de aksjefierders sille ek noch nei Drinte en Grinslân ta.