Doarpswurk wol ferkrotting oanpakke

07 nov 2011 - 12:15

Doarpswurk wol wat oan de ferkrotting yn de doarpen fan noard Fryslân dwaan. Dy nimt ta en dat leveret yn guon gefallen gefaarlike situaasjes op. Fierder is it net goed foar it imago fan it doarp en de streek.

Doarpswurk wol wat oan de ferkrotting yn de doarpen fan noard Fryslân dwaan. Dy nimt ta en dat leveret yn guon gefallen gefaarlike situaasjes op. Fierder is it net goed foar it imago fan it doarp en de streek. Der steane op dit stuit santich fertutearze gebouwen op it listje fan Doarpswurk. Rotte kiezzen dêr't wat oan dien wurde moat. It giet om partikuliere wenten yn doarpskearnen dy't net opknapt wurde.

Doarpswurk wol yn gearwurking mei de provinsje, wenningboukorporaasjes en gemeenten dy eigners benaderje en helpe. Hjirfoar is oardel miljoen euro neadich.

(advertinsje)
(advertinsje)