Sportferieningen Wolvegea: der moat in oplossing komme foar de lege kantine by De Steense

27 sep 2018 - 08:15

Sportferieningen dy't gebrûkmeitsje fan sporthal De Steense yn Wolvegea, wolle dat de gemeente mei in definitive oplossing komt foar de lege kantine fan it kompleks.

Foto: Google Street View

De sporthal sit al sûnt de simmer mei in net-bemanne kantine en dat kin noch moannen duorje. De ôfrûne tiid is der wol praat mei twa kandidaten, mar dat rûn op neat út. De ferieningen stelle de gemeente ferantwurdlik. Sy wisten al twa jier dat it kontrakt mei de pachter ôfrinne soe, mar der is net earder oer in oplossing neitocht, sizze de brûkers fan de kantine. Tydlike oplossingen, as in automaat of cateraar biede gjin wissichheid. Dêrom wolle de sportferieningen garânsjes op in definitive oplossing foar it probleem.

Needmaatregel is net genôch

Brûkers fan de sporthal ha woansdeitejûn byinoar west om oer de situaasje te praten en in plan foar de brief op te stellen. Fokke Kuiper fan de follybal-ôfdieling fan sportferiening De Griffioen hat te hearren krigen dat in tydlike cateraar yn de kantine fan De Steense komme sil ta it ein fan it jier. "Op zich is dat positief, maar het is wel een noodmaatregel." It jout de brûkers gjin garânsjes dat der altyd wat te heljen is yn de kantine, en dy wolle se just ha. "We kunnen het niet verkopen dat mensen geen kopje koffie voor en geen biertje na de wedstrijd kunnen krijgen."

Neffens Kuiper soe de gemeente it dreech ha om in geskikte eksploitant te finen. Mar dat leit oan de priis. "Ik heb gehoord dat ze rond de 2.500 tot 3.000 euro per maand vragen, ook in het zomerseizoen als er bijna geen sport is. Zeker als je geen andere feesten mag geven, is dat voor die mensen veel teveel geld. Daar kunnen ze niet van rondkomen." Dêrom moat de pacht sawiesa omleech, fynt Kuiper.

(advertinsje)