Kollum: "Thús-Frysk"

"Wêrom sit der gjin Fryske staveringshifker op myn tillefoan? Fan alle saken dy't der dien wurde om it Frysk in levende, pardon, libjende taal te hâlden, is dit miskien wol it wichtichste dat op dit stuit realisearre wurde moat.
© Omrop Fryslân
De toan fan Botte Jellema
Ik kom der op om't ik it mei myn heit en mem hie oer dizze kollum en myn Frysk. Ik praat mei harren net al te min Frysk, mar we brûke thús earder it wurd spellingskontrole as staveringshifker. Yn dizze kollum brûk ik sa no en dan ek wolris wurden dy't wat bjusterbaarliker klinke as ik it thús sizze soe. Sa as 99 prosint fan de Friezen tink ik.
Oft der wolris wat yn korrizjearre wurdt, woene se witte. Nee, net yn myn sprutsen tekst, sei ik. Mar wolris wat yn hoe't it op 'e website komt. Want ik haw in redakteur. Ja, dat klinkt hiel sjyk, mar feitlik mail ik Robea de tekst, en ik tínk dat sy, of in kollega, 'm hielendal neirint foar't de tekst online komt. Want it moat fansels al earne op lykje, op de website fan de Omrop. Dêr wurdt de Omrop dan ek foar betelle. Guontiden sjoch ik dan dat der wolris in oar wurdsje online stiet as wat ik sels opskreaun haw. Omdat it better Frysk is. Mei tank oan Robea - of in oare kollega fansels.

Yn alle gefallen: wy hawwe mei de famylje in app-groep. En dêr type we dus yn ús thús-Frysk. Dêr knypt ek wolris sa'n Afûk-Frysk wurd tuskentroch, en dêr moatte wy dan ek wol om laitsje. Ik bedoel: 'staveringshifker', dat is gewoan in grappich wurd. Allinnich dêrom al moat it bestean bliuwe.
Ik meitsje trouwens graach gebrûk fan de staveringshifker fan Taalweb Frysk, foar dizze kollum. As myn stikje klear is, dan rop ik tsjin mysels: noch efkes HIFKJE! En dêr giet myn tekst dan, mei meastentiids wol tachtich meldingen fan iets wat net kloppet. Dat is hast alle fjouwer sekonden ien. Sa as it wurd 'at', dat dochs 'as' wêze moat, ek al brûke we dat nea yn ús thús-Frysk. En 'iets', dat dochs 'eat' wêze moat.
Dat binne details, mar ik wol dat dus ek op myn tillefoan. En op dy fan myn sussen en broer, en heit en mem. En de rest fan de famylje en hiel Fryslân. At, ja AT, der no ien ding is dêr't wy en ús jongeren tiid mei trochbringe, dan is it wol de smartphone. Ja, ik wit it, Frysk sit yn in toetseboerd-app, mar dat is al te moeilik. Dreech. Ik wol it standert yn 'e tillefoan hawwe. Dat ast sa'n ding foar it earst oansetst en do bist earne tusken Appelskea en Terskelling - pardon, Skylge - it fuortendaliks freget oft je it yn it Frysk hawwe wolle.
Sadat we dêrnei de hiele tiid holpen wurde om goed Frysk te skriuwen. Yn stee fan dat ik myn smartphone sels Frysk leare moat. In ynspanning dy't mooglik troch nochris sa'n 440.000 minsken dien wurdt, en boppedat om de fiif jier, of wat is it, werhelle wurde moat om't dy saneamde smartphones te dom binne om iets ienfâldichs as in wurdboek oer te setten nei in nijer model.
Afijn. Ik bedoel: hawar. Myn soarch is dat der in twaspjalt ûntstiet, net tusken minsken dy't wol en net Frysk prate, mar tusken Frysksprekkers ûnderling. Ien groep dy't it Frysk aktyf en komfortabel brûkt yn sprutsen wurd en skrift, en in groep dy't goed Frysk praat, of yn alle gefallen 'thús-Frysk', mar it net sa goed skriuwe kin. En it dan mar lit. En dat is ivich skande, want der wurdt bot minder belle as foarhinne, yn it foardiel fan skreaune tekst. Dus ik wit net wa't hjir oer giet, mar dit hie juster al regele wêze moatten fansels. Potferjanhinnekont, soe ús mem sizze, yn goed thús-Frysk.
En myn foarspelling, of foarsizzing, is dat at we de Fryske staveringshifker net op ús smartphones en tablets krije, wy hifkje kinne oant wy in ûns weagje no, mar dan blykt it oer tweintich jier allegearre foar niks west te hawwen. Neat. Wêzen te west. No sa. Ast dit no in aardige kollum fûnst, klik op Facebook dan op 'mei 'k wol oer'."