Sam Lammers bliid nei winnende goal: "Als je penalty's krijgt, kan het alle kanten op"

27 sep 2018 - 07:17

De ploech fan trainer Jan Olde Riekerink wûn woansdeitejûn yn de earste ronde fan de KNVB-beker mei 1-0 fan Katwijk, dat yn de twadde difyzje spilet. Dat gie hiel dreech.

Foto: www.dijksfotografie.nl

Spits Sam Lammers soarge woansdei foar in moai gefoel by de ploech fan trainer Jan Olde Riekerink. Hy skoarde, al wie dat pas yn de ferlinging, yn de 117e minút. Wêrom duorre dat sa lang? "Dat is een goeie", seit Lammers. "We hebben wel wat kansen gecreëerd en als je niet scoort, krijgen zij meer geloof. Ze hebben het goed dichtgehouden en wij kregen ook geen kans tegen. In de verlenging kregen wij vier of vijf kansen achter elkaar."

Sam Lammers fan sportklup Hearrenfean

"Het duurde inderdaad lang voor we scoorden.. 117 minuten. We kregen kans op kans, maar hij zal maar eens niet vallen en als je penalty's krijgt, kan het alle kanten op. Ik dacht 'ik doe het even een paar minuten voor tijd', dan kunnen we lekker de bus in. Het ging met kunst- en vliegwerk, maar we zijn door."

Ferrassingen

Elk jier binne der ferrassingen yn de KNVB-beker. Sa waard Sparta útskeakele troch amateurclub Noordwijk en ferlear earedifyzjeclub NAC fan RKC, dat yn de earste difyzje spilet. Lammers wie der net benaud foar dat Hearrenfean ek by dit rychje komme soe.

"Ik heb eigenlijk geen moment gedacht 'als wij dat maar niet zijn'. We hebben het wel spannend gemaakt, maar ik ben heel blij. Bij penalty's wordt het een loterij en nu hebben we het bij 120 minuten gelaten en gaan we de koker in."

De lotting foar de twadde ronde is sneon.

(advertinsje)
(advertinsje)