Ferwûne by ûngelok by Akkrum: motorblok lansearre nei botsing
By in ûngelok krekt bûten Akkrum is woansdeitejûn in autobestjoerder ferwûne rekke. Oan de Meskenwier wie de automobilist fan de dyk rekke en tsjin in stek klapt.
De bestjoerder botste dêrnei tsjin in beam, wêrop't it motorblok fan de auto lansearre waard. De auto kaam krekt fierderop ta stilstân. Buertbewenners hawwe de helptsjinsten warskôge.
It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Hoe't it ûngelok gebeure koe, is noch net dúdlik.