Bewenner (78) omkaam by brân yn Nijeholtpea

27 sep 2018 - 06:10

Yn Nijeholtpea is yn de nacht fan woansdei op tongersdei de bewenner fan 78 jier om it libben kommen by in wenningbrân.

De brânwacht ried om healwei tolven hinne nei de Binnenwei yn it doarp. Yn it hûs fûn de brânwacht it slachtoffer. It hûs stie op dat stuit fol mei reek. De man wie de iennige bewenner.

De plysje ûndersiket hoe't de brân ûntstean koe.

Trefwurden: 
brân Nijeholtpea
(advertinsje)