Provinsje joech ton om kofjeprodusint op De Jouwer te hâlden

In provinsjale subsydzje fan 100.000 euro ton wie nedich om kofjeprodusint Douwe Egberts op De Jouwer te hâlden. Dat antwurdet deputearre Sander de Rouwe op fragen fan de SP. De partij woe opheldering oer wêrom't in bedriuw mei in miljarde-omset jild ha moat fan de oerheid.
© Omrop Fryslân
Neffens De Rouwe hie de kofjebrâner om it jild frege foar opliedingen fan wurknimmers. It bedriuw sit yn in reorganisaasje en kriget nije apparatuer. It jild komt út it potsje 'Wurkje mei Fryslân'. Neffens De Rouwe is it bedriuw fan grut belang foar Fryslân: "Se kinne sa earne oars hinne ferhúzje, want oeral wolle se wol sa'n grutte wurkjouwer ha."
Njonken de provinsje hat ek de gemeente De Fryske Marren in ton subsydzje jûn en hat ek ynvestearringsfûns FB/Oranjewoud in heal miljoen euro stutsen yn it behâld fan Douwe Egberts foar De Jouwer.