IepenUP mei maatskippijkritysk milenniumkabaret

26 sep 2018 - 22:59

Konfrontearjend. De besikers fan IepenUP Live dy't de muoite nommen hiene om nei Neushoorn Café yn Ljouwert te kommen, koene dit kear net meiprate oer wrâldske saken dy't gewoanwei behannele wurde, mar seagen in foarstelling fan it zap-teäter fan it Amsterdamse teaterselskip Hoofdletter 3 op it poadium.

Foto: Omrop Fryslân

Milenniumkabaret dat de maatskippij mei ferskes, gedichten en persoanlike ferhalen yn de blender smyt, om it publyk syn maatskippijkrityske fisy op de wrâld foar te hâlden. En dat alles yn de ambiance fan in jongereinsintrum.

Mei de lanlik bekroande foarstelling 'Dek jij de lading even' naam it selskip foarearst ek ôfskied fan de Nederlânske teäters. "Je wordt omringd door idioten en de grootste idioot woont in mijn eigen hoofd", wie it boadskip dat mei Gerson Main, Charley Ranzijn en Nicole Kaandorp de taskôgers mei klam, mar ek mei selsspot foarholden. "Wat is het lekker om met een mondvol genderneutrale worst van de Hema Theo Hiddema belachelijk te maken."

Foto: Omrop Fryslân

In solo-optreden fan Meindert Talma mei syn tragysk-komyske nûmers yn it skoft fan de foarstelling, krige de terjochte wurdearring, dy't de fan oarsprong Fryske sjonger-muzyk fertsjinnet.

Homoseksualiteit en tsjerke

Nije wike woansdei 3 oktober kin wer folop diskussiearre wurde by IepenUp live. Under de namme 'God loves fags' stiet it ûnderwerp 'homoseksualiteit en tsjerke sintraal'. Under oaren sjoernalist Botte Jellema sil dan de konfrontaasje oangean mei it âld-Keamerlid foar GrienLinks Tofik Dibi.

Fanwegen syn útspraken oer de Islam en syn eigen homoseksualiteit is IepenUP wer ferplichte om krekt as by de eardere gasten Inna Shevchenko en Theo Hiddema ekstra feilichheidsmaatregels te nimmen.

Trefwurden: 
IepenUP live
(advertinsje)