SC Hearrenfean mei hakken oer de sleat troch nei twadde ronde KNVB-beker

26 sep 2018 - 22:32

Sportklup Hearrenfean hat him pleatst foar de twadde ronde fan de KNVB-beker. Yn Katwijk wûn de ploech fan trainer Jan Olde Riekerink mei 1-0 troch in goal fan spits Sam Lammers. Dy goal foel pas in pear minuten foar de ein fan de twadde ferlinging. Katwijk is in amateurferiening dy't yn de twadde difyzje spilet.

Foto: www.orange-pictures.nl

Nei 90 minuten hiene beide ploegen noch net skoard en waard der ferlinge. Pas yn de twadde ferlinging makke Sam Lammers de 1-0 en koe hy strafskoppen dus mar krekt foarkomme.

Tiisdei pleatste ek SC Cambuur him al foar de twadde ronde. Nei ferlingingen waard amateurferiening Scheveningen ferslein.

Sam Lammers

(advertinsje)
(advertinsje)