'Speakdates' op Europeeske taledei

26 sep 2018 - 22:11

Yn it ramt fan de Europeeske dei fan de talen binne der woansdei 'speakdates' hâlden yn Ljouwert. Hjirby koene belangstellenden yn 'e kunde komme mei 15 benammen lytsere talen.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Ferslachjouwer Geert van Tuinen yn Tresoar

Speakdates, ôflaat fan speeddates, binne koarte ôfspraken wêrby't minsken yn 'e kunde komme kinne mei in taal. Der sieten ferskate bysûndere talen by, lykas it Noardfrysk (út Dútslân), it Biltsk, it Skiermûntseagersk, mar ek eksoatysker talen lykas it Papiamentu, it Welsk, it Retoromaansk, it Malteesk en it Tsjechysk.

De lokaasjes foar de speeddates wiene talepaviljoen MEM en Tresoar yn Ljouwert.

Ferslachjouwer Geert van Tuinen by de speakdates

(advertinsje)