Bidbook oer ferbreedzjen slûs Koarnwertersân oanbean

26 sep 2018 - 21:50

De provinsjes Fryslân, Drinte, Flevolân en Oerisel, gemeenten en it bedriuwslibben hawwe woansdeitemiddei in bidbook oanbean oan minister Cora van Nieuwenhuizen, wêryn't se noch mar ris wize op it belang fan it ferbreedzjen fan de slûs yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân.

Foto: Camjo Media

Deputearre Klaas Kielstra oer it bidbook

Mei in totale ynvestearring fan 205 miljoen euro yn in bredere slûs, it oanpassen fan de brêgen yn de Ofslútdyk en it útdjipjen fan de fargeul nei Urk en Lelystêd kinne der 3.000 banen by komme. De provinsjes, gemeenten lykas Súdwest-Fryslân, Harns en De Fryske Marren en it bedriuwslibben wolle 73,5 miljoen bydrage.

De Twadde Keamer hat earder al 30 miljoen euro reservearre. It Ryk soe nochris 101 miljoen euro bydrage moatte. Mei de oanpassings kinne tenei gruttere skippen de Iselmar op en ôf en dat is fan grut belang foar skipswerven en jachtbouwers.

It giet direkt om sa'n 50 bedriuwen en yndirekt giet it om 500 bedriuwen dy't profitearje kinne fan de ynvestearringen.

(advertinsje)
(advertinsje)