Fraksjefoarsitter OoststellingwerfsBelang stapt op

26 sep 2018 - 21:34

Fraksjefoarsitter Wolter Slager en fraksjelid Jenny Dolsma binne opstapt by OoststellingwerfsBelang. Slager hat dat dien, om't it him net slagge is om de spanningen binnen syn fraksje te ferminderjen. Dit wurke neffens Slager ferlamjend foar guon fraksjeleden.

Foto: Lourens Looijenga

Mei syn opstappen wol Slager de partij de romte jaan om him op positive wize op de takomst rjochtsje te kinnen. Slager bliuwt wol oan as riedslid, om't hy de minsken dy't op him stimd ha, fertsjintwurdigje bliuwe wol.

Slager waard op 20 july fan dit jier fraksjefoarsitter fan OoststellingwerfsBelang en wie 4 jier riedslid. OoststellingwerfsBelang hie 7 sitten yn de ried en hat 2 wethâlders yn it kolleezje.

(advertinsje)
(advertinsje)