Grûn foar oanpassing Uterwei is noch net allegear oankocht

Noch net alle grûn dy't nedich is foar de oanpassing fan de Uterwei, de N358, is oankocht. Dat antwurdet deputearre Sietske Poepjes op fragen fan de FNP. De oankeap fan de grûn is nedich om de dyk tusken Bûtenpost en de A7 by Fryske Peallen feiliger te meitsjen.
© Omrop Fryslân
De partij woe opheldering ha oer berjochten fan de provinsje dat alle grûn dy't nedich is, al yn it besit is fan de provinsje. Guon belanghawwers joegen lykwols oan noch hieltyd yn petear te wêzen mei de provinsje. Neffens deputearre Poepjes kloppet dat. De grûn dy't as earste nedich is, is oankocht.
Der rinne noch petearen foar de twadde faze fan de oanpak fan de Uterwei. Dat dit wat langer duorret, is neffens deputearre Poepjes net frjemd.