Deputearre Steaten wol regeling doarpshuzen modernisearje

De regeling foar doarpshuzen yn de provinsje bliuwt bestean, mar wurdt al oanpast. Deputearre Steaten fynt de regeling net mear fan dizze tiid en wol him oanpasse. No wurdt útgien fan in doarpshûs as moetingsplak yn de mienskip. Dat moat just breder, sa fine de Steaten.
© Omrop Fryslân, René Koster
Ek oare gebouwen, dy't leechstean, moatte je geskikt meitsje kinne as mienskiplik moetingsplak. Ferantwurdlik deputearre Johannes Kramer is it dêr mei iens. Neffens him moatte je somtiden maatwurk leverje, om yn in doarp wat fan de grûn te krijen by de realisaasje fan in mienskiplike romte.
In moasje fan hast de folsleine Steaten om de regeling út te wreidzjen, waard dan ek oernaam troch Kramer.