LIVE: IepenUP mei teäter fan Hoofdletter 3

Dizze wike is IepenUp oars as oars. Kafé De Backstage yn Ljouwert wurdt feroare yn in teäter fan jonge talinten: Hoofdletter 3. Se sille de foarstelling Dek Jij De Lading Even opfiere foar it publyk yn de seal en op de livestream.
Hoofdletter 3 is in poëtyske gearwurking tusken in man mei in stim (Gerson Main), en man mei in missy (Tijdelijke Toon) en 'de nije' Kaandorp (Nicole Kaandorp).
Wapene mei wurden en in gitaar flirt Hoofdletter 3 mei de romte, de mooglikheden fan in teäter en it publyk. De foarstelling Dek Jij De Lading Even is zap-teäter oer it plak fan jonge keunstners yn de hjoeddeiske mienskip. In sêftaardiche, persoanlike show dy't ferskes, gedichten, ferhalen en de maatskippij yn de blender smyt.
Yn it skoft fan de foarstelling is der live muzyk fan Meindert Talma.

IepenUP

Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.
Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.