Underwiiskoepel Gearhing nimt 32 learkrêften yn tsjinst

Underwiiskoepel Gearhing jout yn ien kear 32 learkrêften in fêst kontrakt. Der is mear jild oer troch minder direkteuren te hawwen. Boppedat hat de koepel mear jild fan it ministearje krigen. Yn 2012 binne se fan 25 nei 7 direkteuren gien. Dit smyt jierliks 800.000 euro op. Mei dat jild kinne se no fleksmeiwurkers in fêst kontrakt oanbiede.
Gearhing hat 25 skoallen foar primêr ûnderwiis yn de gemeenten Súdwest-Fryslân, Waadhoeke, Ljouwert en De Fryske Marren. Goed 230 personielsleden fersoargje ûnderwiis foar hast 2.000 learlingen. Sy wurkje yn ûnderwiisteams, dy't in grutte eigen ferantwurdlikheid ha en dêrtroch binne der minder direkteuren nedich.
Oare ûnderwiisynstânsjes ha krityk op de wurkwize. Neffens Alex Peltekian fan it kolleezje fan bestjoer fan Gearhing bewiist it oanbieden fan de fêste kontrakten it tsjindiel. Sy besteegje it jild leaver oan goed ûnderwiis as oan direkteuren.
De maatregel soarget derfoar dat der folle minder stress is by de juffen en masters, seit juf Marije Bootsma. Sy is ien fan de learkrêften dy't no in fêst kontrakt hat. It is neffens har ek foar bern en âlden folle better, dat se net alle jierren in nije learkrêft foar de klasse ha.