Nije bestimming foar âlde gemeentehûzen: fan soarch oant museum

26 sep 2018 - 17:02

Trouwe, de berte fan in bern oanjaan of in paspoart oanfreegje: dit soarte fan saken wurde regele yn it gemeentehûs. Yn de rin fan de jierren binne troch weryndielingen in soad gemeentehûzen leech komme te stean. Om't it karakteristike gebouwen binne mei in soad skiednis, fertsjinje dizze gebouwen n in twadde libben.

Nieuwe bestemming voor oude gemeentehuizen

Soarchsintrum

De gemeente It Bilt is begjin dit jier opgien yn de nije gemeente Waadhoeke en dêrmei is Frjentsjer de thúsbasis fan de gemeentlike saken. It gemeentehûs yn Sint-Anne kaam leech te stean. It rûn net stoarm mei potinsjele keapers en de Bilkerts wiene benaud dat it gebou tsjin de flakte gean soe. Húsdokterpraktyk Bögels en Impuls Fysiotherapie ha úteinlik it gebou rêden. Foar it symboalyske bedrach fan 1 euro ha se it kocht om in soarchsintrum yn te fêstigjen. Nei in pear moannen fan yntinsyf ferbouwe, wêrby't de âlde kantoarromtes omtovere binne ta sprek- en behannelkeamers, sit de hússdoktepraktyk sûnt septimber yn it âlde en de fysio yn it nije gedielte fan it gemeentehûs.

Nieuwe bestemming voor oude gemeentehuizen

Museum

It stedhûs fan Hylpen hat funksjonearre as riedshûs fan 1684 oant 1919. Yn dat lêste jier ferhuze it nei in grutter ûnderkommen yn de stêd. It âlde riedshûs kaam doe leech te stean. "De gemeente had een probleem, wat doen we ermee?" fertelt konservator Maurice Wery. Mar krekt, op dat stuit, kloppe in samler fan Hylper skilderkeunst oan. It wie Hidde Nijland, en hy sei 'ik ha in prachtige samling, wolle jim dy ha? Dat mei, mar dan moatte jim it wurk tentoanstelle yn it âlde riedshûs en moat it tagonklik wêze foar publyk'. Sûnt doe, yn 1919, hat Hylpen in museum wijd oan de Hylper skilderkeunst en oan de kultuer fan Hylpen. Der binne noch mar in pear dingen fan it riedshûs oer fan doe dy't hjoed-de-dei noch te sjen binne.

Nieuwe bestemming voor oude gemeentehuizen

Wenje yn in gemeentehûs

Yn 1984 wie der in grutte weryndieling fan de gemeenten yn Fryslân, en kaam it gemeentehûs yn Ternaard leech te stean. Dêrnei is it ferboud en brûkt as wenning. It gebou bestiet no út trije dielen. It boppeste diel is fan Piet (Pieter) en Tyne Bos. Se ferhiere it sa no en dan oan oare minsken. Op de twadde etaazje wenje Hans en Sonja van Doorm. Henk en Anne Bos wenje yn it ûnderste diel. Se hawwe harren diel ek te keap stean, mar wenje der noch wol.

(advertinsje)