Cambuur ferleget stekken by noardtribune

De stekken by de noardtribune fan SC Cambuur binne ferlege. In grutte winsk fan de supporters wurdt dêrmei wiermakke. Twa wiken lyn is in part fan it stek stikken gien, om't der supporters op sieten nei de 2-0 oerwinning op Telstar.
© Cambuur
De plannen om de stekken te ferleegjen, leine der al langer. Troch de problemen nei de wedstriid tsjin Telstar, is it proses hurder gien as pland. Dizze wike binne de stekken ferlege nei 1.40 meter.
Cambuur docht wol in dúdlike oprop oan de supporters. Sa moatte de fans ûnder de wedstriid plaknimme op de tribune en mei der gjin guod op it fjild goaid wurde. As de Ljouwerter oanhing him hjir oan hâlde sil, bliuwe de stekken sa leech. Mocht it dochs misgean, sil de klup maatregels nimme wêrtroch't de stekken dochs wer heger wurde.