Skipfeartferkear fan Fryslân nei Grins leit stil fanwege in botsing

It skipfeartferkear fan Fryslân nei de stêd Grins leit sûnt woansdeitemiddei in oere as twa hielendal stil. In skip is tsjin de Paddepoelsterbrêge fearn. Dy leit oan de westkant fan de stêd, oer it Van Starkenborghkanaal.
Skipfeartferkear fan Fryslân nei Grins leit stil fanwege in botsing
De brêge is by de oanfarring slim skansearre rekke en hinget foar in part yn it wetter. It oare diel stiet skeef omheech. Ek in hûs njonken de brêge hat skea oprûn. De Paddepoelsterbrêge by Grins wurdt fral brûkt troch fytsers, dy kinne der net mear lâns.
Hoelang't it skipfeartferkear tusken Fryslân en Grins stilleit, is noch net bekend.
© De Vries Media