Healoere fergees parkearje yn Snits en Boalsert

Foar it earste healoere parkearjen yn Snits en Boalsert betelje automobilisten aansens hielendal neat mear. It wurdt fergees, sa hawwe boargemaster en wethâlders fan Súdwest- Fryslân besletten.
© Google Street View
Parkearje yn de Normandiagaraazje, it Flexa-terrein en it âlde feemerkterrein yn Snits wurdt hielendal fergees. Yn sawol Boalsert as Snits binne der aansens gjin beheiningen mear oan hoelang't ien parkearje mei. Mar as je wol betelje moatte, betelje je mear.
Yn Boalsert giet it nei 75 sinten foar in healoere en yn Snits nei 80 sinten. En yn Snits wurde de tiden wêrop't betelle wurde moatte ferlinge. As je in betelle parkearplak brûke, kostet dat jild tusken 9.00 oere oant 21.00 oere.