Harnzer froulju sammelje bierdoppen yn foar goed doel

26 sep 2018 - 16:11

Eva Romkes de Lange en Heidi Gerbranda út Harns hawwe har oansletten by in aksje om safolle mooglik bierdoppen en kroankoarken yn te sammeljen foar in goed doel. De aksje is rjochte op it keapjen fan in rolstoelbus foar fiifjierrige Sven út IJsselmuiden.

Foto: Eva Romkes de Lange

Sven waard op 11 septimber 2013 berne mei in iepen rêchje en hat de hiele dei begelieding nedich. It giet fierder goed mei him, mar no't hy grutter wurdt, kin hy net mear yn in gewoane persoane-auto. Troch de ynsammele doppen as âld izer te ferkeapjen hoopje de froulju yn Harns flink wat jild binnen te heljen.

Badkúp fol

Eva Romkes de Lange wie rekke troch it ferhaal en woe meidwaan. "Ik heb een emmer voor mijn deur gezet, zo van gooi de doppen er maar in. Die ene emmer werden twee emmers en inmiddels heb ik al een badkuip vol. Het is een groot succes. En dan moeten we de doppen van de horeca nog ophalen." Op De Lemmer is al twa kúb ophelle en ek al nei IJsselmuiden brocht. "We hopen natuurlijk meer op te halen dan Lemmer."

Op trije plakken yn Harns binne ynsammelpunten. De aksje rint oant 26 oktober, dan wurde alle sammele doppen nei IJsselmuiden brocht. Der binne mear plakken yn Fryslân dy't har oansletten ha. Sa wurde doppen sammele yn Warkum en yn doarpen om Harns hinne. Eva Romkes de Lange ferwachtet dat yn Ljouwert ek noch wol in aksje op tou set wurde sil.

Eva Romkes de Lange

De bakken yn Harns steane op it skoalplein by gebou Nieuw Zuid Prinses Irenestraat 2, foar de doar fan J. R. Thorbeckestraat 68 en by de doar fan Zeilmakersstraat 22.

(advertinsje)