Oerlis oer opheegjen brêge yn A32 by Grou

De provinsje giet yn petear mei Rykswettersteat en ProRail om de brêge oer de Kromme Grou yn de A32 by Grou ophege te krijen. De dyk wurdt de kommende tiid yngreven oanpakt.
© Google Street View
Neffens ûnôfhinklik steatelid Sietze Schukking is dat in goed momint de brêge op te heegjen. Dy soe nei in trochfearthichte fan 2,5 meter kinne. Om't de spoarbrêge ek opknapt wurde moat, soe dy ek fuort op hichte brocht wurde moatte.
Deputearre Sietske Poepjes stelt dat de provinsje gjin foech hat, as it giet om de oanpak fan dit soarte brêgen yn in rykswei, mar wol har der wol foar ynsette.