'Doe mee, verlos de zee!': ôffal Waadseekust yn juttersbak

26 sep 2018 - 15:30

By de seedyk by Swarte Haan wurde freed seis jutterbakken symboalysk yn gebrûk nommen. Dêryn kinne kuierders oanspield ôffal smite.

Foto: ANP

It inisjatyf foar de juttersbakken waard acht jier lyn naam troch Matthijs Lievaart. Hy sammele in berch ôffal en sette der in buordsje by mei de tekst 'Doe mee, verlos de zee!' Yntusken binne by de hiele Nederlânske kust al 150 juttersbakken te finen.

Lievaart is der freed ek by as de nije juttersbakken yn gebrûk naam wurde. De gemeente Waadhoeke wurdt dan fertsjintwurdige troch wethâlder Jan Dijkstra. De bakken steane by Roptasyl, Easterbierrum, Koehoal, Westhoek, Swarte Haan en Nijebiltsyl.

By de iepening sjongt Matthijs Lievaart ûnder begelieding fan in akkordeon in pear seemanslieten. Lievaart: "Hoe meer mensen meedoen, hoe meer mensen bewust worden van het probleem van plasticvervuiling. Hierdoor zal er hopelijk ook minder plastic in zee belanden. En plastic-jutten is ook gewoon heel leuk!"

(advertinsje)