Studinten ûndersykje oft demintearjenden baat ha by in soarchrobot

26 sep 2018 - 15:28

Kinne robots ynset wurde by demintearjenden? Studinten ferpleechkunde fan NHL Stenden ûndersykje oft dat in goede kombinaasje is. De kommende wike sille se robot 'Tessa' ynsette. Tessa kin prate, werkenne en reagearje, mar noch net yn de Fryske taal. De robot sil de fersoargjende net ferfange, mar is der inkeld foar ekstra omtinken fan de kliïnt.

Tessa sil sawol yn fersoargingshûzen as yn de thússoarch brûkt wurde. Marieke van der Wal is ien fan de studinten dy't ûndersyk dwaan sil nei Tessa. Sy ferwachtet dat de soarchrobot wearde ha sil, benammen by de 'vroeg dementerenden'.

Yn febrewaris stelle de studinten in rapport mei oanbefellingen op. Mooglik sil ien fan de útkomsten wêze dat in soarchrobot Frysk prate moat, omdat minsken dêr better nei lústerje.

(advertinsje)