Laitsje en gûle by foarstelling 'De profylfoto fan Klaas'

26 sep 2018 - 14:58

De tsjerketoer fan Wommels, mei de flagge yn top. Dat byld hat Klaas Malda as syn profylfoto. Hy is ferhuze nei Sweden, mar syn bertedoarp bliuwt sa altyd hiel tichtby him. Oantinkens oan Wommels fan Klaas en fan oare ynwenners foarmje de reade tried yn de LF2018-Under de Toerfoarstelling 'De Profylfoto fan Klaas'.

Ferhalen dêr'tst soms om laitsje moatst en soms om gûle. De sênes wurde spile yn de Jacobitsjerke en op twa oare lokaasjes, muzikaal stipe troch it korps Euphonia. In grut part fan de spilers binne minsken mei in beheining dy't wenje yn de Talant-wenfoarm Tywerthiem yn Wommels. Se hawwe Klaas Malda ferline jier opsocht yn Sweden, en ek dizze ûnderfiningen sitte yn de foarstelling.

Ferslachjouwer Jaring Rispens wie by de try-out fan 'De Profylfoto fan Klaas'.

De foarstelling 'De profylfoto fan Klaas' wurdt spile op 26, 28, 29 septimber, en op 3, 5 en 6 oktober. Sjoch hjir foar de kaartferkeap.

(advertinsje)
(advertinsje)