Selstraffen easke foar drugssmokkel boppe Waadeilannen

Foar de rjochtbank yn Amsterdam binne woansdei lange selstraffen easke, tsjin trije manlju dy't drugs oppikten út de Noardsee boppe de Waadeilannen en dan nei de wâl brochten. Dat meldt de NOS.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De drugs kamen út Súd-Amearika en waarden dan mei kontainerskippen oanfierd en by de eilannen yn see smiten. Dêrwei waarden se troch fiskers út Urk oppikt en oan lân brocht. De haadfertochte is in man fan 31 jier út Amstelveen. Hy fersoarge dizze transporten troch de Urker fiskers. Tsjin him waard hast 14 jier selstraf easke. Tsjin de twa oaren easke it Iepenbier Ministearje 5 oant 6 jier sel.
Ferline jier is ien fan de fiskkotters ûnderskept mei 261 kilo kokaïne oan board. De bemanning fan dit skip krige doe selstraffen fan trije oant seis jier..