CDA wol dat gefaarlike oerstekplakken oanpakt wurde

Twa oerstekplakken fan de N359, de provinsjale dyk tusken Balk en De Lemmer, moatte feiliger makke wurde. Dat wol it CDA yn de gemeente De Fryske Marren. By Wikel en Sondel stekke in soad fytsers de drokke dyk oer. Dat soarget foar gefaarlike situaasjes. It CDA wol dat der maatregels naam wurde. Earder is dat al dien op oare oerstekplakken yn deselde dyk.
De N359 © Provinsje Fryslân
Neffens it CDA is it dêrtroch feiliger wurden. Wethâlder Johannes van de Pal joech yn de riedsgearkomste tiisdeitejûn oan dat der foar Wikel al plannen makke binne. Dat jildt net foar de situaasje by Sondel. De wethâlder hat sein dat hy it ûnder de oandacht fan de provinsje bringe sil.