Steateleden Klerks en Van der Honing nimme ôfskied

Yn it provinsjehûs is woansdei ôfskied naam fan de Steateleden Richard Klerks fan de ChristenUnie en Retze van der Honing fan GrienLinks.
Gearkomste fan de Provinsjale Steaten © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Klerks kin syn wurk yn de Steaten net mear kombinearje mei de soarch foar syn sike dochter. Yn in brief oan de Steaten skriuwt hy dat hy syn wurk as folksfertsjinwurdiger net mear goed útfiere kin. Klerks syn plak wurdt ynnaam troch Ynze de Boer, dy't earder ek al Steatelid foar dizze partij wie.
Retze van der Honing fan GrienLinks stapt oer nei de gemeenteried. By de lêste gemeenteriedsferkiezings is hy keazen yn de ried fan Hearrenfean. Van der Honing fynt dat hy beide taken net langer kombinearje kin. Hy hat tsien jier yn de Steaten sitten, wêrfan de lêste perioade as ienmansfraksje. Hy wurdt ferfongen troch Jan Atze Nicolaï, dy't earder wethâlder yn Ljouwert wie.
By de SP is Rob Burger fan Appelskea tydlik ynstallearre as Steatelid. Hy ferfangt Renny van der Heide, sy is siik.