Gemeente Ljouwert mocht fêst lisplak wegerje

26 sep 2018 - 12:22

De gemeente Ljouwert hat in fêst lisplak oan de Harnzer Trekfeart terjochte wegere oan de pensjonearde pontskipper Menno Sappé en syn frou. Dat seit de Ried fan Steat. De gemeente hat syn eigen lisplakkebeleid korrekt tapast, sa is it oardiel. De steatsried seit ek dat der yn it ferline gjin tasizzingen dien binne oan Sappé oer in fêst lisplak.

It dok yn in haven - Foto: Shutterstock.com

Ljouwert fynt ûnder oare dat Sappé syn beurtskip net oan de wolstânseasken foldocht. De gemeente wol allinnich histoaryske skippen yn de âlde havens en fearten. Neffens Sappé is de gemeente net konsekwint yn it tapassen fan de regels. Boppedat binne de easken te strang, mient er. Hy moat no op syk nei in oar lisplak.

(advertinsje)