Flaeijelfeest siket nije lokaasje yn Nijhoarne

26 sep 2018 - 12:12

It Flaeijelfeest yn Nijhoarne siket in nije lokaasje om it jierlikse feest mei âlde ambachten, stoommasines, âlde trekkers en it âlde boerewurk te hâlden.

Al 42 jier wurdt it feest hâlden op it bûten De Horne. Dêr komme yn trije dagen tiid sa'n 25.000 oant 30.000 besikers. De logistyk is in hieltyd grutter probleem, want op dit terrein rinne de besikers en it befoarriedingsferkear elkoar yn it paad. "It rint hielendal fêst" seit foarsitter Harry Sikkema.

De organisaasje hat al in alternatyf plak op it each, in eintsje fan it besteande plak ôf op de hoeke fan de Buitenweg en in Sevenaerpad. Dat is sa'n trije hektare grutter.

De organisaasje fan it Flaeijelfeest hat al praat mei de eigener fan dizze lokaasje, hy is ree om mei te wurkjen. Mar om de komst fan it Flaeijelfeest mooglik te meitsjen, moat it bestimmingsplan wizige wurde troch de gemeente. Petearen dêroer binne al yn gong set. Wurdfierder Annie Stelma hopet dan ek de ferhuzing takom jier al in feit wêze kin. "Der is draachflak foar by omwenners en frijwilligers."

Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

Skiednis

Yn 1976 begûn húsdokter Pelikaan yn Nijhoarne mei in demonstraasje fan in terskmasine. Alle jierren waard dit grutter en begûn it in echt evenemint te wurden. Yn de jierren '90 kamen der ferskate kommisjes by dy't allegear ferskate ûnderdielen yntrodusearren.

Foto: flaeijel.frl

Flaeijelfeest dit jier

De 42ste edysje fan it Flaeijelfeest begjint tongersdei. As earste binne der tongersdei en freed optredens fan ferskate bands en artysten yn de feesttinte. De grutte dei is lykwols sneon. Dan is moarns de boereoptocht; middeis is op it eveneminteterrein bygelyks it FK Seinemeanen, ringstekken om de sulveren flaeijel, demonstraasjes mei hynders, stoommasines en âlde trekkers.

Op it terrein wurdt in folsleine doarpsstrjitte neiboud, mei bygelyks in âlde bakkerij, in kafee, in smidderij, in molkfabryk, in doarpsskoalle, in boerelienbank, in drukkerij en in dokterspraktyk.

Omrop Fryslân docht sneontemiddei wiidweidich ferslach fan it Flaeijelfeest yn Sneon yn Fryslân, fan ienen oant seizen op radio en TV.

Trefwurden: 
Flaeijelfeest Nijhoarne
(advertinsje)