Snitser skoalle wol dúdlikheid oer nijbou gymnastykseal

26 sep 2018 - 12:11

Alden en personiel fan de Simon Havinga-skoalle yn Snits wolle mear dúdlikens fan de gemeente oer de bou fan in nije gymnastykseal foar harren skoalle. De âlde seal by de basisskoalle foldocht net mear oan de easken.

Mar de belutsenen rêde har der oant no ta mei, omdat der wat nijs komme soe op it terrein fan fuotbalklup LSC. Dat plan is fan 't maitiid earst troch de polityk ôfsketten. Underwilens is it nije skoaljier begûn en wurdt der noch hieltyd gymnastykles jûn yn de âlde seal, sûnder dat der echt sicht is op in oplossing.

Direkteur Ludwin Hiemstra fynt dat der romte ûntstiet foar in alhiel nij plan ynklusyf brede skoalle yn de wyk. Dat is ek feiliger foar de bern dy't dan net mear hielendal nei it LSC terrein hoege te reizgjen.

Omdat der in nije gymseal tasein is, wurdt der al jierren net mear jild stutsen yn de hjoeddeistige seal. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Wethâlder Stella van Gent fan Súdwest-Fryslân lit fia in wurdfierder witte noch folop yn petear te wêzen oer in oplossing en dat dêr hurd oan wurke wurdt. Sy wol earst dy petearen ôfwachtsje en ferwachtet oer in oantal wiken mear te witten.

De âlde gymseal is al jierren ôfskreaun. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)