Rjochtsaak Van Seggeren giet oer om miskommunikaasje

26 sep 2018 - 11:53

Troch miskommunikaasje tusken de rjochtbank en it Iepenbier Ministearje is de pro forma-sitting yn de saak Van Seggeren yn de Ljouwerter rjochtbank woansdei net trochgien. De advokaat woe de rjochtbank freegje om de fertochte, de widdo fan Van Seggeren, frij te litten út foararrest. De widdo fan Van Seggeren sit sûnt desimber fêst op fertinking fan belutsenheid by de dea fan har man.

De rjochtbank hie de sitting om 11.00 oere ynpland, mar de neibesteanden en it IM gongen út fan 15.00 oere middeis. Om't de neibesteanden net op 'e tiid op de hichte brocht binne, is de saak skrast.

In fersykskrift fynt normaal achter sletten doarren plak, mar de rjochtbank sei dat dizze sitting iepenbier wêze moast yn ferbân mei iepenbierheid fan de eardere sittingen. Dat is te let mei it IM kommunisearre en doe is de flater mei it tiidstip makke. Yn it belang fan de iepenbierheid en de neibesteanden hat de rjochtbank besletten de saak út te stellen. It IM neamt de gong fan saken spitich.

De advokaat fan de fertochte is poer oer de miskommunikaasje. Ek de fertochte is oanslein. "Mijn cliënte is teleurgesteld en vindt het niet eerlijk," seit advokaat De Pree. "De fout ligt niet bij ons. Het verzoekschrift is al een maand geleden ingediend, nu was eindelijk het moment van behandeling. Ik vind dat de belangen van de nabestaanden zwaar mee moeten wegen in de zaak, maar vind niet dat ze leidend moeten zijn. Het is oprecht vervelend voor de nabestaanden, maar de zaak had wel behandeld moeten worden."

No moat der in nije datum socht wurde dat alle partijen op koarte termyn kinne. Mei it fersyksrkift freget de advokaat oft syn kliïnt de saak yn frijheid ôfwachtsje mei.

Auke Zeldenrust praat mei de advokaat fan de fertochte

Trefwurden: 
rjochtbank Van Seggeren
(advertinsje)