Hûndert studinten op NHL Stenden wikenlang gjin ûnderwiis

26 sep 2018 - 11:46

Hûndert studinten oan de NHL Stenden yn Ljouwert kinne al wikenlang gjin ûnderwiis folgje, om't se net yn it digitale systeem (Blackboard) fan de skoalle komme kinne.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

'Blackboard' is it digitale systeem dêr't ûnder oare al it stúdzjemateriaal stiet. Boppedat kinne de studinten har no net ynskriuwe foar tentamens en rinne se in stúdzje-achterstân op.

In wurdfierder fan de NHL Stenden hegeskoalle fynt it "hiel ferfelend" foar de oanbelangjende studinten. Neffens har giet it om maksimaal hûndert studenten. De oarsaak fan de klachten hat alles út te stean mei de fúzje tusken NHL en Stenden. "We gaan van twee digitale systemen naar één. Helaas is dat voor een x-aantal studenten niet goed gegaan, maar we doen er alles aan dit te verhelpen. De klachten nemen ook enorm af", seit de wurdfierder fan NHL Stenden.

(advertinsje)