Skea oan redens troch flater mei iisflier fan Thialf

26 sep 2018 - 11:43

Meardere riders hawwe skea oan harren redens nei't by in proef mei de iisflier fan Thialf tiisdei wat misgie. It iis wurdt benammen yn de simmer en betide hjerst faker test om sa de bêste kwaliteit te krijen.

Foto: Martin de Jong

De pH-wearde fan it iis waard tiisdei ferlege, wêrtroch't in hegere soergraad ûntstie. Dat gie mis, ek al hie Thialf in feilichheidsmarzje fan 25 persint oanholden. Wat der krekt misgie, is noch ûndúdlik.

De proef wie tusken tsien en tolve oere moarns. Op dat stuit wiene der 60 riders oan it trainen, ûnder oare fan de Lotto Jumbo-ploech. Guon fan har hawwe flekken op de buizen fan de redens. De skea kin mei elkoar yn de tûzenen euro's rinne.

Dit is echt hiel ferfelend.

IIsmaster Beert Boomsma

Thialf ûndersiket no oft de test goed útfierd is en wat der yn de takomst oars dien wurde moat by inselde proef. IIsmaster Beert Boomsma baalt. "Dit is echt hiel ferfelend'', seit er. "Dit soarte ynsidinten ha ik yn myn karriêre gelokkich net faak meimakke. We moatte der alles oan dwaan om soks foar te kommen."

De ferskate teams dy't yn Thialf oan it trainen wiene, binne op de hichte brocht fan it ynsidint. Der wurdt útsocht wat de skea is oan de redens fan de riders en watfoar oplossing der komme kin.

Direkteur Marc Winters: "We hebben met de teams afgesproken om te onderzoeken of het materiaal hersteld kan worden. Indien dat niet het geval is zal Thialf haar verantwoordelijkheid nemen. We betreuren het vooral voor de atleten zelf en gaan dit uiteraard met betrokkenen oplossen."

Marc Winters, direkteur fan Thialf

(advertinsje)
(advertinsje)