"It giet oan!" wit de Flaamske minister fan Kultuer te melden

26 sep 2018 - 11:16

"It giet oan!" Dat twittere Sven Gatz, de Flaamske minister fan Kultuer. Dêrmei doelt er lykwols net op in alvestêdetocht, mar op syn dielname oan it Belgyske telefyzjeprogramma De Slimste Mens ter Wereld.

"Ja, it giet oan," seit er oan de telefoan yn it radioprogramma Muzyk yn Bedriuw. "Hopelijk voor jullie ook deze winter, maar voor mij in het spelletjesprogramma." Gatz hat net direkt in link mei Fryslân, mar is wol fassinearre troch de regio. "Als er een elfstedentocht komt, leef ik zeker mee. Dat is zo mythisch, dat we het zelfs in de zuidelijke Nederlanden kennen."

Wat hat er mei Fryslân?

"Ik ben al sinds jonge leeftijd vertrouwd met enkele lekkere producten, die vrienden meenamen. Beerenburg, weduwe Joustra, daar lust ik wel pap van." Hy hat noch noait yn Fryslân west, mar dêr komt gau feroaring yn. "Binnenkort breng ik met enkele vrienden een privébezoek aan Leeuwarden. Ik wil genieten van de sfeer van Culturele Hoofdstad."

Spultsjes

De minister hâldt wol fan spultsjes, earder die er al mei oan Tien voor Taal en ek by it Groot Dictee der Nederlandse Taal siet er yn de bankjes.

It nije seizoen fan it programma De Slimste Mens ter Wereld begjint op 15 oktober. Der binne ek Nederlânske dielnemers lykas Hugo Borst, Jeroen van Koningsbrugge, Youri Mulder en Brigitte Kaandorp. Yn de sjuery fan de kenniskwis sitte de kabaretiers Marc-Marie Huijbregts en Jan Jaap van der Wal.

Sven Gatz

(advertinsje)