Utstjoering Opsporing Verzocht smyt tsien tips op

26 sep 2018 - 11:01

Under en koart nei de útstjoering fan Opsporing Verzocht binne der tiisdeitejûn tsien tips binnen kaam oer de berôving fan in âlder pear yn Easterwâlde. Dat meldt de plysje. Yn de útstjoering wie ûnder oare in komposysjetekening te sjen fan de beide fertochten. Dizze manlju hawwe op 22 juny fan dit jier it pear fan 88 en 90 jier âld yn harren hûs oan De Logten yn Easterwâlde oerfallen.

Wenningoerfal yn Easterwâlde - Foto: Srfotografie

Se bedrigen de bewenners mei in mes en hellen it folsleine hûs oer de kop. De oerfallers namen in klûs en de auto fan de bewenners mei. De auto lieten se achter oan de Veenhofwei yn Easterwâlde. Dêr binne se yn in oare auto stapt. De man rekke by de oerfal ferwûne. De útstjoering fan Opsporing Verzocht wurdt woansdei werhelle op NPO 2, om 12.05 oere. De plysje hopet dat der noch mear tips binnen komme of dat tsjûgen har melde.

(advertinsje)