Beropscharterfeart hat maatregels naam nei ûngelok Amicitia

26 sep 2018 - 10:21

It Iepenbier Ministearje sil de 53-jierrige skipper út Stiens fan de Amicitia ferfolgje foar dea troch skuld. Yn augustus 2016 bruts de mêst fan it skip troch pealrot. By dat ûngelok kamen trije opfarrenden, leden fan in Dútske famylje, om.

Foto: Noordernieuws

"Het heeft lang geduurd voordat er eindelijk een beslissing is genomen of er vervolging kwam of niet," seit Paul van Ommen, direkteur fan de Beroeps Chartervaart. "Te lang voor betrokkenen, de schipper, nabestaanden en de sector. Nu gaan ze aan de slag, dat is goed."

It ûngelok hat grutte ympakt hân op de sektor. Tal fan ynstânsjes ha ûndersyk dien, ek de sektor sels. "We hebben een begin gemaakt met het inventariseren van kennis en het beter delen en beschikbaar maken van die kennis. We hebben een serie maatregelen genomen. Er zijn workshops gegeven, niet alleen over de mast en houtrot, maar ook over zeiltrimmen." Fierder wurket de branche oan noarmen. "We gaan een standaard afspreken over het beheersbaar maken van de risico's."

De rjochtsaak is op freed 16 novimber yn Ljouwert.

Direkteur Paul van Ommen

Trefwurden: 
ûngelok IM Amicitia ferfolging
(advertinsje)