Doelen duorsumens wurde yn Fryslân net helle

26 sep 2018 - 09:27

Fryslân rint efter as it giet om duorsumens. Dat is de konklúzje fan GroenLinks, D66 en PvdA. Dêrom roppe dizze trije partijen woansdei deputearre Michiel Schrier op it matsje.

Hetty Janssen - Foto: Omrop Fryslân

De doelen foar duorsumens fan de provinsje soene lang net helle wurde. Steatelid Hetty Janssen fan de PvdA seit dat der 20% enerzjybesparring yn 2020 helle wurde moat en dat 16% duorsum opwekkke wurde moat. Dat yn fergeliking mei 2010. Dy doelen liket Fryslân lang net te heljen. Benammen yn it ferkear en ferfier en yn de lânbou soe de grutte efterstân sitte.

Hetty Janssen, steatelid PvdA

Trefwurden: 
Fryslân duorsum
(advertinsje)
(advertinsje)