Kollum: "Dokkum"

"Yn de jierren 70 fan de foarige iuw hienen we hjir yn Fryslân in mânske diskusje oer in streekplan. We dienen allegearre mei. Fjouwer jier lang. Earst de Nota Wonen, doe Wurkjen, dêrnei Rekreaasje en it fjirde jier wie foar it hiele streekplan. Yn alle kafees yn alle doarpen waard manmachtich moai diskusjearre.
Eelke Lok © Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
De Steaten ferkloaten yn de úteinlike sitting nochal wat fan de plannen, deabenaud jild te fergriemen. Slimmer wie dat de CDA-PvdA diskusje doe sa skerp wie, dat dêrtroch ek nochal wat saken yn it laad telâne kamen. Mar goed, we ha úteinlik mei syn allen bepaald dat de minsken fan út de Wâlden ferhúzje moasten nei de klaai, dan kaam de befolking wat yn lykwicht. In dwaas plan, mar we wienen it der oer iens.
It kaam der net fan fansels. De polityk hat sa as altyd in eigen paad rûn. It middenpaad. Se ha ús wol wer frege om noch in kear mei te dwaan. Dat ha we net dien. Fan ús streekplan wie ommers neat oerein bleaun, dan ha je je nocht der wol ôf. We bleaunen thús.
Tsjintwurdich hjit soks net mear in streekplan, mar in omgevingsvisie. Ja, ik kaam yn de katakomben fan de provinsiale webside it wurd omjouwingsfisy wol tsjin, mar dat wurd bestiet net. Omgevingsvisie. Dêr hat de provinsje ek besocht om mei ús oer te praten, mar it wie der net drok. Likegoed binne se no kaam mei in 'koersdocument omgevingsvisie'. Dêr stiet hiel wat yn. Jim lêze him marris, ik winskje jim sterkte. Ik bin nei trije yngewikkelde pagina's non-taal ophâlden.
Dy pagina's gienen oer Dokkum. Yn dat streekplan fan de foarige iuw, kamen doarpen en stêden op in ranglist, dan koenen je sjen as de provinsje noch wat foar je die. Foar buorskippen neat. Gewoane lytse doarpen hienen rjocht op in multyfunksjoneel sintrum, dat se doarpshûs neame mochten. Dan de justjes gruttere doarpen. Sokken as Akkrum, Bakkefean, Heech, Koudum, Noardwâlde, Aldeberkeap, soksoarten. Dêr koe nochris in hoekje bedriuweterrein komme. Echte provinsiale stipe wie der foar de saneamde regionale kearnen, Balk, Boalsert, Bûtenpost, Burgum, Frjentsjer, De Gordyk, Grou, De Jouwer, Kollum, De Lemmer, Makkum, Easterwâlde, Sint-Anne, Surhústerfean, Wolvegea, Warkum.
En folsleine meiwurking wie der foar de F4 (Ljouwert, Drachten It Hearrenfean en Snits) en dêr mochten Harns en Dokkum ek oanskowe. En no moat neffens it koersdokumint Dokkum dêr by wei. Dat ferlear Waanders en kaam leger op dy ranglist. Yn it nirwana. Want sels de regionale kearnen hearre aanst net mear by it provinsjale ynteressegebiet. Dêr moat de gemeenten mar mei rêde. Romke de Jong fan D66 sei it ferline wike al yn It Polytburo, de provinsje moat mear taken oan de gemeente jaan. Dat kinne se net Romke. Eaststellingwerf sit al yn de reade sifers, hoe sille sokken dat beprutse.
Okee, we witte net as it koersdokumint it wol hâlde sil. CDA-deputearre Sander de Rouwe is lulk op VVD-kollega Klaas Kielstra. Dy hat dat koersdokumint blykber stikem sa skreaun, want no is Dokkum nidich en yn Dokkum sitte Sander syn kiezers. Fan dit stuit ôf moatte je goed troch alle besluten en uteringen fan it provinsjaal bestjoer hinne lêze. Dy binne net mear kollegiaal.
It is gewoan de safolste boade fan in nije tsjustere tiid. Sander de Rouwe hat al sein: "Fryslân hat de Nuonjilden opfretten en yn it kulturele fjoer smiten, we moatte no 100 miljoen suniger." De twadde warskôging kaam fan kommissaris Arno Brok. Dy sei dat Friezen ôf moatte fan harren spandoek "It hat altyd sa west en dat moat ek sa bliuwe."
Ik moat earlik wêze. Ik bin ornaris ek sa dat as je witte dat eat goed giet, der dan net al tefolle yn om te houwen. Dus ik fielde my suver wat bestraffend oansprutsen troch Brok. Mar doe tocht ik: "In provinsjebestjoer dat earst mei in soad sinten, ik wit net iens mear hoefolle, in Sintrale As oanleit om Dokkum tichterby de gewoane wrâld te bringen; as datselde provinsjale bestjoer dan Dokkum no wer út de omgevingsvisie kwakt en oerlit oan syn eigen gemeente, oan himsels dus; dan hie alles sa't we wend wiene ek sa te hâlden, dochs wol wat better west."