Provinsje: Omwenners gasfjilden moatte goede fergoeding krije by skea

25 sep 2018 - 22:27

Omwenners fan gasfjilden yn Fryslân moatte in goede fergoeding krije as se skea ûnderfine. Boppedat moat de bewiislêst net by de minsken lizze, mar by it bedriuw dat gas wint. Dat freget de provinsje Fryslân yn in brief oan it ministearje fan Ekonomyske Saken.

Stil protest tsjin gaswinning yn Ternaard - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Yn de brief skriuwt de provinsje fierders dat der wol wat foar de ynwenners fan it wingebiet foaroer stean moat. De provinsje sels hat al yn in earder stadium oanjûn dat se tsjin gaswinning is. It soe skea feroarsaakje kinne oan gebouwen en ynfrastruktuer. "Maar wij gaan er uiteindelijk niet over, dat is het Rijk. Maar we kunnen de minister wel vragen om goed op onze inwoners te passen en bij gaswinning te zorgen voor goede schaderegelingen", seit deputearre Michiel Schrier.

By Ternaard wol de Nederlandse Aardolie Maatschappij op in djipte fan 3 kilometer gas winne. Dêr is in soad ferset tsjin en de provinsje stipet dat. Fryslân hat it ryk no frege om te harkjen nei de ynwenners. "Wij vragen de minister om het besluit af te laten hangen van draagvlak in de regio."

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust

(advertinsje)