Cambuur bekeret fierder nei drege wedstriid yn Scheveningen

Sportklup Cambuur hat tiisdeitejûn nei in drege wedstriid tsjin SVV Scheveningen dochs de twadde ronde fan de KNVB-beker berikt. De Ljouwerters wûnen yn de ferlinging mei 3-2 fan de gasthearen.
Rene Hake Cambuur
Cambuur ûntsnapte nei krap tweintich minuten spyljen oan de 1-0 fan Scheveningen. Tim Pieters kopte fia Cambuur-spiler Robin Maulun op 'e latte. In pear minuten letter wiene de Ljouwerters ticht by de iepeningstreffer, doe't Emmanuel Mbende út in corner op de peal kopte. De earste goal fan it bekerduel kaam úteinlik op namme fan Andrejs Ciganiks, dy't nei 27 minuten in goeie stekpass fan Justin Mathieu ôfmakke.

Scheveningen op foarsprong

Lang koe de ploech fan trainer René Hake net genietsje fan de foarsprong. Fjouwer minuten letter wie Joël Donald nammentlik it einstasjon fan in rappe counter en hy skeat de bal hurd efter doelman Xavier Mous. De Ljouwerters krigen dêrnei gjin grutte kânsen mear en úteinlik wie it de thúsploech dy't profitearje koe fan de minne faze. Krekt foar it skoft makke Donald mei in kopbal syn twadde doelpunt fan de jûn.
De Ljouwerters gongen yn de twadde helte op syk nei de lykmakker. Nigel Robertha krige dêrfoar krekt nei rêst twa goede kânsen, mar it slagge him net dy te fersulverjen. David Sambissa en Rossi krigen ek noch kânsen op de 2-2, mar harren skotten misten de goal. It like der in skoft op dat it bekertoernoai fan Cambuur dit seizoen mar njoggentich minuten duorje soe, mar Robertha stelde trije minuten foar tiid mei in hurd skot de ferlinging feilich: 2-2.

Ferlinging

De ferlinging sette útein mei in opstekker foar Cambuur. Gomez Nieto krige nei in oertrêding op Issa Kallon syn twadde giele kaart fan de wedstriid en dus moasten de Scheveningers mei tsien man fierder. Oan de ein fan de earste helte yn de ferlinging profitearre Cambuur úteinlik fan de man-mearsituaasje. Ynfaller Sai van Wermeskerken besoarge de Ljouwerters de foarsprong mei in skot yn de linker krusing. De ploech út Scheveningen einige de wedstriid úteinlik mei njoggen man. Levi Schwiebbe krige krekt nei it skoft fan de ferlinging ek syn twadde giele kaart fan de wedstriid te sjen.
Keeper Xavier Mous

Hake ferromme

Trainer René Hake wie nei ôfrin fan de wedstriid ferromme. "Opgelucht gezien het scoreverloop van de wedstrijd. Moesten forceren na de achterstand en daardoor de 2-2 afgedwongen. In de verlenging waren wij conditioneel beter, waardoor we het duel beslissen", seit hy.
Doelman Xavier Mous seach dat syn ploech it dreech hie tsjin de amateurs. "We maken het onszelf erg lastig door niet agressief genoeg te spelen. Enorme opluchting dat we toch doorbekeren hier", sa fertelt Mous nei ôfrin.
SVV Scheveningen - SC Cambuur 2-3 (2-1) 27. Ciganiks 0-1, 31. Donald 1-1, 45. Donald 2-1, 86. Robertha 2-2, 105. Van Wermeskerken 2-3.
Opstelling Cambuur: Mous, Van Deelen (54. Van Wermeskerken), Mbende, Schils, Robertha, Mathieu (34. Conraad), Rossi, Maulun (64. Kallon), Schilder, Ciganiks, Sambissa.